Fiskers krije bekeurings

10 mrt 2006 - 13:31

Twa fiskers út De Pein hawwe tongersdei by Akkrum in proses-ferbaal krigen foar bistemishanneling. De manlju wiene oan it angeljen op foarnen en hiene 89 fisken yn 'e tas. Ut kontrole die bliken dat de helte fan dy fisken noch libbe. De plysje hat se wer yn it wetter smiten.

De manlju krigen in bon, omdat se net goed mei de fisken omgien wiene. Dêrneist krigen se in proses-ferbaal omdat se gjin fiskfergunning hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)