Fiskers jouwe stiennen út de Noardsee werom oan Greenpeace

16 jun 2015 - 10:11

Fiskers bringe tiisdeitemoarn yn Harns de earste fiif stiennen werom dy't se opfiske ha fan de boaiem fan de Noardsee. Greenpeace hie de grutte stiennen earder stoarten om it fiskjen yn it gebiet tsjin te gean. Neffens de fiskers is dat gefaarlik foar de skippen. De netten kinne fêst reitsje wêrtroch it skip omslaan kin.

De fiskers hawwe in rjochtsaak tsjin Greenpeace oanspand. Dy tsjinnet ein juny. De fiskers wolle de útspraak fan de rjochter net ôfwachtsje en hawwe in bergingsbedriuw opdracht jûn de stiennen fuort te heljen.

Neffens Greenpeace soargje de stiennen dy't de miljeu-organisaasje dumpt hat, hielendal net foar problemen. De miljeuklup fiert de aksje mei de stiennen om dúdlik te meitsjen dat it om in kwetsber natuergebiet giet. Fiskers hawwe tiisdei de helte fan de grutte stiennen fuorthelle, omdat se neffens har gefaarlik binne. De netten soene der yn fêst reitsje kinne en dan soene skippen omslaan kinne. Neffens Greenpeace is dat ûnsin. De organisaasje hat dúdlik oanjûn wêr't de stiennen lizze en der kin ek wol om hinne fiske wurde. Nije wike is der in koart pleit oer de kwestje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)