Fiskers helje lêste stiennen sels út de Noardsee

18 jul 2015 - 12:36

Fiskers helje sels de fiif lêste stiennen nei boppen dy't Greenpeace yn de Noardsee stoarten hat. Beropsorganisaasje Visned hat dêrneist besletten gjin heger berop oan te tekenjen tsjin de útspraak fan de rjochter. Dy oardielde dat Greenpeace net strafber west hat mei it stoarten fan de swiere stiennen.

Mei de aksje woe Greenpeace foarkomme dat der noch langer yn it gebiet fiske wurdt. Visned spande in rjochtsaak tsjin Greenpeace oan om't it de aksje libbensgefaarlik fynt.

De organisaasje hie earder al fiif fan de tsien stiennen yn Harns oan de wal brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)