Fiskers brûke skalp einen

11 apr 2002 - 00:00

Michfiskers binne nei alle gedachten ferantwurdlik foar it skalpearen fan eidereinen oan de waadkant. Neffens de AID wurde de fearkes faaks brûkt om driuwende keunstmichjes fan te meitsjen dêr't fisk mei fongen wurde kin.

By it michfiskjen wurde neffens de AID wol faker natuerlike materialen brûkt. Wat der krekt oan de waadkant bard is, moat noch fierder útsocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)