Fiskers begjinne mei proef foar behâld kustfiskerij

15 mrt 2016 - 11:32

Seis lytse kustfiskers yn en om it Waad binne begûn mei in proef dy't derfoar soargje moat dat dizze fiskerij behâlden bliuwt foar it Waad. Trije fiskers komme út Fryslân. De opbringsten fan dy fiskers binne leech en de kosten om in ûntheffing te krijen op de natuerbeskermingswet heech. Dêrom is ôfpraat dat sy sûnder de fergunning fiskje meie, mar dan moatte de fiskers wol sekuerder byhâlde wat sy fange, wêr't sy dat dogge en hoe. Dat kinne sy dwaan mei de telefoan.

De proef duorret twa jier en is ûnderdiel fan it 'Programma naar een Rijke Waddenzee'. De registraasje moat ek mear sicht jaan op de ûntwikkeling fan de fiskstân yn it Waad. De fiskers fiskje dêr ûnder oare mei fûken en steand want.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)