Fiskerman Boalsert wer stikken

18 aug 2014 - 15:37
  • It houten byld waard wol gauris fernield
  • Stikken byld fiskerman Boalsert

It bekende byld fan de fiskerman yn Boalsert is foar de safolste kear troch fandalen fernield. De earm en de angel fan it houten byld binne it ôfrûne wykein ôfbrutsen. Neffens makker en keunstner Durk Bosma is it al mear as tachtich kear fernield. Om't er hast gjin sicht mear hat, kin Bosma de skea sels net mear reparearje.

Oft it noch makke wurdt, wit de Boalserter dan ek noch net. It byld fan de fiskerman is by in soad toeristen populêr om mei op de foto te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)