Fiskerijdagen stean faai

19 nov 2012 - 21:14

De stifting promoasje Lauwerseach makket him soargen oer de plannen foar de pleatslike haven. De leden fan 'e stifting fine dat se net belutsen wurde by de plannen fan de gemeente. Se hawwe der gjin idee fan hoe't it komme sil mei de haven.

Ut ûnfrede binne twa bestjoersleden opstapt. De stifting tinkt dat de Fiskerijdagen yn 2013 net trochgean kinne. De gemeenten Dongeradiel en De Marne begripe dat der soargen binne en noegje de partijen no út om dêroer te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)