'Fiskerijdagen rêstich ferrûn'

28 aug 2011 - 14:04
  • De iepening fan de Fiskerijdagen yn de rein

De Fiskerijdagen yn Harns binne dit wykein sûnder grutte ynsidinten ferrûn. Oerdeis en nachts hâlde de plysje tafersjoch tegearre mei befeiligers en portiers fan de hoareka. Troch rap yngripen ûntstienen der gjin grutte fjochterijen.

Sân minsken binne oanhâlden foar mishanneling, hannel yn harddrugs en stellerij fan in plysjefyts. Ien man is oppakt om't er noch in selstraf útsitte moast. Der waard bekeurd foar baldadigens en pisjen op strjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)