Fiskerijdagen drokst besocht

03 des 2003 - 00:00

De Fiskerijdagen yn Harns lutsen yn 2002 de measte besikers. Dat wienen 150.000. Dat stiet yn ûndersyk fan de CHN yn Ljouwert. Twad wie de Snitswike en tred Alvestêde-oldtimerrally. Dy eveneminten lutsen elk 100.000 minsken.

Yn de top 10 fan meast besochte attraksjes steane 4 swimbaden. Op nûmer ien stiet Thialf op It Hearrenfean mei 600.000 besikers. Ek it Kameleondoarp yn Terherne en it Jopie Huismanmuseum yn Warkum wienen populêr yn 2002.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)