Fiskerijdagen bêste evenemint

27 maaie 2010 - 09:48

De Harnzer Fiskerijdagen binne útroppen ta bêste regio-evenemint fan Nederlân. Dat is woansdei bekend makke yn Arnhem by de útrikking fan de Nasjonale Eveneminteprizen. De fiskerijdagen binne yn de prizen fallen yn de kategory 'algemien'.

It evenemint yn de havenstêd wie foar de tredde kear nominearre. It wûn fan ûnder oare de TT yn Assen. De fiskerijdagen yn Harns binne dit jier fan 25 oant en mei 28 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)