"Fiskerij op wolhânkrabbe moat skjinner"

18 jan 2016 - 19:14
  • De wolhânkrabbe

De fiskerij op de wolhânkrabbe yn 'e Iselmar moat minder byfangst opsmite. It Nederlânsk ekologysk ynstitút Imares fan de Universiteit fan Wageningen docht dêr ûndersyk nei. De wolhânkrabbe is populêr by Fryske fiskers. Yn Sina en oare Aziatyske lannen is der in protte ferlet fan. Mar yn de fûken sitte ek oare fisken.

Der binne wol metoaden dat bygelyks iel fuortkomme kin, mar oare fisk bliuwt yn de fûken hingjen. Imares sil ûndersykje oft dat better kin. Sy hawwe dêrfoar in spesjale fergunning krige fan de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)