Fisken yn grêft Dekema State

13 feb 2014 - 15:31
  • Dekema State yn Jelsum

Dekema State yn Jelsum hat wer fisken yn de slotgrêft. Tongersdeitemoarn is der foar 80 kilo oan fisken útset. It giet dan om soarten lykas snoeken, brazems en karpers Yn de grêft swommen noch mar twa snoeken om't de oare fisken in pear jier lyn deaferzen. No sit it wetter wer fol.

Wim Hoogendam is túnbaas fan Dekema State. Neffens him binne de fisken yn de grêft belangryk, om't it ekosysteem op dizze wize goed yn stân hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)