Fiskearn kin komme

14 mrt 2014 - 12:44
  • It nêst wurdt klearmakke
  • De fiskearn

By Eastermar is Steatsboskbehear freed drok dwaande mei it delsetten fan in nêst foar fiskearnen. De organisaasje hopet mei it nije nêst briedpearen nei Nederlân te heljen. De fiskearn wurdt no eins allinnich noch mar yn Nederlân sjoen as er ûnderweis is fan Skandinavië nei Afrika. De fûgel bliuwt hjir noch net om te brieden. Dochs binne der ûntwikkelings te sjen dat de fiskearn oer in pear jier hjir wol bliuwt. By Eastermar rinne se dêr dus al op foarút. It nêst sit yn in hege beam, midden yn it moeras.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)