Fisk yn it Kleindiep by Easterwâlde kin fierder swimme

11 des 2015 - 15:20

Yn it Kleindiep by Easterwâlde binne freed fjouwer nije fiskpassaazjes offisjeel yn gebrûk naam. Troch de oanlis fan de fisktreppen kin ûnder oare iel en serpeling him no ek boppestreams ferpleatse. Oan de oanlis fan de foarsjennings hawwe ûnder oare learlingen fan ROC Friese Poort en de NHL Hegeskoalle meiholpen.

Yn en om it Kleindiep hinne binne noch mear projekten realisearre om de kwaliteit fan it wetter te ferbetterjen. Sa is der by Donkerbroek in wetterberging oanlein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)