Fisk út netten stellen

28 sep 2012 - 12:28

Op 'e Snitsermar by Terherne binne tongersdei twa ynwenners fan Snits oanhâlden foar stellerij fan fisk en it fernielen fan fisknetten. In tsjûge hie sjoen dat beide manlju de netten fan in beropsfisker út it wetter hellen en dat se de fisk derút hellen. Hy warskôge de plysje dy't de fertochten oanhâlde koe.

De dieven hiene de netten stikkensnijd. Yn it boatsje dêr't se yn fearen, leine seis snoekbearzen. Dy binne weromjûn oan de beropsfisker. De Snitsers binne meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)