Fisk út fiver stellen

25 aug 2012 - 12:42
  • Fisk stellen út fiver yn Appelskea

Ut in fiver oan de Maadsingel yn Appelskea binne in soad fisken stellen. Trije djoere koikarpers, fjouwer blauwinders en goed tweintich goudfisken binne fuort. De wetterpomp en de netten binne ek fernield. De eigeners ûntdutsen de stellerij doe't se even thús wiene fan fakânsje om in wask te draaien. De stellerij wie tusken sneontemiddei en freedtemiddei. De skea rint yn de hûnderten euro's.

Ferline wike giene yn Noardwâlde in soad fisken dea troch frituerfet yn in fiver. De plysje tinkt net dat beide saken mei-inoar te krijen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)