Fisk moat parasyt yn mar keare

27 jul 2014 - 10:18
  • Bears

Wetterskip Fryslân hat yn gearwurking mei Steatsboskbehear 50 kilo moannekarper en bears útset yn it dúnmarke by Hee op Skylge. Dêrmei moat de parasyt dy't swimmersjokte feroarsaket, bestriden wurde. Yn de lytse mar komme poelslakken foar. Guon dêrfan drage de parasyt by har. By kontakt mei de hûd feroarsaket de parasyt swimmersjokte. De útsette fisken binne sljocht op de slakken en frette mei de slakken ek de parasyt op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)