Fisk fongen by Tessel fergiffrij

12 jan 2004 - 00:00

In partij fisk dy't fongen is op 'e Noardsee by Tessel befettet gjin fergif. De Voedsel- en Warenautoriteit hat de fangst fan fjirtjin skippen kontrolearre. Se hiene fiske by it plak dêr't trije fergifkonteners op 'e seeboaiem lizze. De kontrôle barde ûnder oare op Lauwerseach.

Miljeuorganisaasjes pleitsje foar in fangstferbod yn it gebied. Fanwege it minne waar binne de konteners mei it arseenpentokside noch net burgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)