'Firusman' riskearret 4 jier sel

20 feb 2001 - 09:37

De makker fan it Kournikova-firus kin maksimaal fjouwer jier selstraf krije foar syn die. De 20-jierrige Snitser hat himsels oanjûn by de plysje en is nei ferhear frijlitten. Syn kompjûterapparatuer is yn beslach naam.

It firus ferspriedt him automatysk oer alle e-mailadressen yn 'e pc by iepenjen fan in foto fan tennister Kournikova. Der is noch gjin oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)