Firusmaleur op it provinsjehûs

03 des 2001 - 00:00

It Provinsjehûs kampt op it stuit mei in kompjûterfirus. It giet om in firus dat troch e-mails trochstjoerd wurdt oan alle kontaktpersoanen. Servers en e-mailprogramma's reitsje hjirtroch ûntregele.

Ferskate deputearren en steateleden kinne no tydlik gjin e-mails stjoere of ûntfange. Fierder binne der op it Provinsjehûs problemen mei de lêstekens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)