Firus troch grutte besmetting

01 okt 2012 - 12:04
  • Skiep

It Schmallenbergfirus, dat ôfrûne maaitiid foar misfoarme lammen en keallen soarge, koe him sa hurd ferspriede om't in bysûnder soad stekmichjes it firus by har hiene. Yn Fryslân rekken yn it earste healjier 25 melkfeehâlderijen en 4 skieppebedriuwen besmet. As de memmebisten besmet wurde as se drachtich binne, kin it jong mei earnstige misfoarmings berne wurde. It stekmichje ferspriedt it firus. Undersyk fan it Centraal Veterinair Instituut hat útwiisd dat 1 op 1000 michjes besmet wie.

Foar de kommende lammetiid wurde minder problemen troch it Schmallenbergfirus ferwachte. It Centraal Veterinair Instituut giet derfan út dat in soad bisten antystoffen yn it bloed ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)