Firtuele stellerij bestiet net

10 okt 2008 - 20:57

De twa jongens fan 14 en 15 jier dy't fertocht wurde fan it stellen fan firtuele spelpunten moatte frijsprutsen wurde. Dat bepleitet har advokaat Bart Canois.

De fertochten soene in jonkje fan 14 mishannele hawwe. Dêrnei soene se syn firtuele punten dy't hy helle hie yn it spultsje RuneScape oerset ha op har eigen. Justysje fynt dat dieverij en easket wurkstraffen. Neffens Canois kin dêr gjin sprake fan wêze om't der gjin 'echt' guod stellen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)