Firtuele oefening brânwacht

23 jan 2011 - 17:44

De Fryske brânwacht sil in firtuele rampe-oefening hâlde. Yn plak fan in echte rampe-oefening dy't in soad tiid kostet, dogge sy dy oefening mei help fan de kompjûter. Befelfierders fan 'e brânwacht begjinne moandei oan in kompjûtersimulaasje om it nimmen fan besluten by in brân te oefenjen.

Sy dogge dat op twa grutte skermen en ûnder lieding fan in regisseur dy't stjoere kin wat der by de brân yn in gebou bart. Der sille sa'n 50 oant 70 minsken oan de oefening meidwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)