Firma Knol ferlit Aldeboarn

06 jul 2004 - 10:15

Grûn- en wetterboubedriuw Knol giet definityf út Aldeboarn wei. Knol is it lang om let iens wurden mei de gemeente Boarnsterhim oer in ferhuzing nei bedriuweterrein Spikerboar yn Akkrum. In part fan it bedriuw sit dêr al.

Op de frijkommende lokaasje yn Aldeboarn komme tritich nije huzen. Knol sil sels de ûntwikkeling fan dy wenwyk dwaan. Knol wie al sûnt 1981 yn petear mei de gemeente oer de ferpleatsing fan it bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)