Fioeltsjes rôve op It Fean

27 mrt 2014 - 10:24
  • (stockfoto)

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in man (48) fan It Hearrenfean oanholden op fertinking fan stellerij. De man hie in tree mei fioeltsjes meinaam by in boumerk oan de Jousterwei. De plysje kaam de man tsjin op de Skrynmakker en spruts him oan omdat er gjin ljocht op 'e fyts hie. Oan syn stjoer hong in boadskippetas mei dêryn de fioeltsjes. Al gau waard dúdlik dat de man dizze stellen hie.

De blommedief is meinaam nei it buro foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)