FIOD fynt twadde drugsjacht

10 aug 2009 - 14:55
  • FIOD-wurdfierder Fred de Boer hâldt rekken mei mear arrestaasjes

Opspoaringstsjinst FIOD hat snein yn Fryslân in twadde sylskip yn beslach nommen dat belutsen west hat by it drugstransport fan dit wykein op it Waad, wêrby't 3400 kilo hasj ûnderskept waard. Dy drugs waard ferfierd oan board fan in jacht dat sneontejûn by Koarnwertersân oanholden waard troch de dûane.

It twadde syljacht waard snein leech oantroffen yn in havenstedsje net al te fier fan 'e Lemmer. Mooglik hat de drugs fan dit skip wol de wâl berikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)