FIOD docht ynfal yn Bitgum

11 sep 2009 - 20:42

By in strafrjochterlik ûndersyk nei grutskealige fraude yn de âld-izerhannel hat de FIOD freed in ynfal dien yn Bitgum. Ek op 21 oare plakken yn Nederlân hawwe yn totaal 250 opspoaringsamtners huzen trochsocht. Dêrby binne njoggen minsken oppakt.

Dat hat it Iepenbier Ministearje yn Den Haach bekend makke. In oantal bedriuwen yn de metaalrecycling-bransj wurdt derfan fertocht foar tsientallen miljoenen euro's fraudearre te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)