Finzenissen Drinte dochs iepen

19 jun 2013 - 11:02
  • Steatssiktaris Teeven fan justytsje

De penitinsjêre ynrjochtings Norgerhaven en Esserheem yn Feanhuzen bliuwe yn de nije plannen fan steatssiktaris Teeven fan justysje dochs iepen. Yn syn eardere plannen wie der sprake fan dat dy twa finzenissen slute soene. Der wurkje aardich wat Friezen yn Feanhuzen. Teeven hat de plannen ûnder swiere politike druk en ek troch druk út de sektor oanpast.

Mei-inoar wol de steatssiktaris no 19 finzenissen slute, yn plak fan earder 26. No ferlieze net 3400 minsken har baan, mar 2000. De finzenis yn Ljouwert soe sawiesa iepen bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)