Finzenis yn Ljouwert grôtfol

05 apr 2012 - 18:36
  • Finzenis De Marwei yn Ljouwert

Yn de finzenis yn Ljouwert wurde fanwege krapte tydlik mear minsken yn ien sel set. Yn twa-en-tweintich sellen sitte tydlik twa ynstee fan ien finzene. Yn it hiele lân is ferlet fan mear romte en dat hat te krijen mei in pyk yn it tal fonnissen.

Personiel fan 'e Ljouwerter finzenis wurdt tydlik wat faker ynroastere en der wurdt út en troch ek personiel fan bûten ynhierd. Direkteur Marie-Anne de Groot ferwachtet dat foar de simmerfakânsje it tal finzenen wer op it gewoane tal fan 248 lizze sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)