Finzenis hat saak op oarder

06 jul 2011 - 12:29

De Ljouwerter finzenis foldocht wer oan alle easken. Dat docht bliken út in rapport fan de ynspeksje fan it ministearje fan justysje en feiligens.

It foarige rapport fan 2006 wie hiel kritysk oer de finzenis. Sa soe benammen de wurksfear hiel min wêze en soe der net goed kommunissearre wurde tusken management en de wurkflier. Ut it rapport fan no docht bliken dat der yn fjouwer jier flinke stappen foarút makke binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)