Finzenen wije plysjeburo yn

09 jan 2009 - 12:16

It nije haadburo fan plysje Fryslân yn Ljouwert is dizze wike yn gebrûk nommen troch arrestanten. Woansdei is de earste detinearde nei it sellekompleks ûnder it gebou oan de Aldlânsdyk oerbrocht.

Der sitte no sân finzenen en ûngefear likefolle bewakers. It nije haadburo is noch net klear. It miljoenekompleks wurdt dit jier ôfboud en begjin takom jier offisjeel iepene. Yn it gebou binne mei-inoar 22 sellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)