Finzene kin út hûs set wurde

13 aug 2007 - 17:12

Aedes Fryslân, de koepel fan Fryske wenningboukorporaasjes, is bliid dat delinkwenten it hûs útset wurde kinne at se langer as 9 moannen yn de finzenis sitte. De wachtlisten foar in hierwente wurde dermei lytser. En foar de buert kin it goed wêze as in krimineel net yn it selde hûs werom komt, sa sizze se by Aedes.

Ien en oar is mooglik no't de rjochter útspraak dien hat yn 'e saak fan in man út Opsterlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)