Finnbogason tekent noch net by

21 aug 2013 - 14:44
  • Alfreð Finnbogason
  • Gaston Sporre

SC Hearrenfean-topskutter Alfred Finnbogason wol syn kontrakt foarearst noch net ferlinge. Hearrenfean hat him dêr in oanbieding foar dien, mar de spits en syn saakwaarnimmer Magnus Magnusson binne mei in tsjinfoarstel kaam. Neffens ynterim-direkteur Gaston Sporre hat de klup syn salarisplafond lykwols berikt en kinne se net oan de Yslânske easken foldwaan.

Sporre: 'Er is geen sprake van paniek, dit hoort een beetje bij het spel. Wij gaan vrijdag weer om de tafel met de mensen binnen SC Heerenveen, om te kijken wat er mogelijk is.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)