Finnbogason lang útskeakele

30 aug 2013 - 15:22
  • Alfred Finnbogason, SC Hearrenfean, PEC Zwolle

Alfred Finnbogason is minimaal twa wiken útskeakele en mist dêrtroch de útwedstriid tsjin FC Twente. De topskoarer fan SC Hearrenfean hat in fraktuer yn syn tean oprûn tidens de útrintraining nei de wedstriid tsjin Ajax. Marco van Basten hopet dat hy tsjin FC Grins wer in berop dwaan kin op syn topskoarer. De logyske ferfanger fan Finnbogason, de Dútser Mark Uth is ek blessearre. Van Basten woe noch neat sizze hoe't hy dit oplosse sil. "We hebben tegen Twente wel eens met vijf verdedigers gespeeld, misschien is dat wel weer een prima idee."

Ek oanfierder Marten de Roon ûntbrekt tsjin FC Twente. De middenfjilder hat in hamstringblessuere. It is de ferwachting dat Joey van den Berg him ferfange sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)