Finnbogason is goud wurdich

03 mrt 2013 - 00:52
  • Alfred Finnbogason

Alfred Finnbogason wie foar SC Hearrenfean sneontejûn de gefierde man yn de útwedstriid tsjin NAC Breda. En dat wylst hy yn de 73ste minút, by in 1-0 foarsprong fan de thúsploech, noch in strafskop miste.

Mar de topskutter fan Hearrenfean skoarde dêrnei noch twa kear binnen trije minuten en dat wie genôch foar de twadde útoerwinning en ek de twadde oerwinning op rige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)