Finkegea krijt hynstesintrum

20 nov 2007 - 21:37

Yn Finkegea komt nei alle gedachten in hynstesportsintrum. De gemeente Weststellingwerf is entûsjast oer de plannen dêrfoar en wol der ek oan meiwurkje.

Yn it hynstesintrum kinne eigners har hynders stalle, minsken kinne der hynsteride en ruterferienings kinne der ûnderdak krije. Der kinne ek wedstriden en clinics organisearre wurde. Omwenners kinne ynkoarten har miening oer de plannen jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)