Finish Schuttevaerrace

15 maaie 2009 - 17:47
  • De earsten binne binnen, de lêsten noch lang net

Nei twa dagen silen, fytsen en hurdrinnen binne de earste dielnimmers fan de Schuttevaerrace freedtemiddei goed healwei fiven yn Hylpen oer de finish gien.

De earste wie Hans Arends, fuort dêrachter siet Harry Amsterdam. Dat se earst yn Hylpen binne wol lykwols net sizze dat se de race ek wûn hawwe. Dat hinget ôf fan de resultaten fan de ferskillende ûnderdielen. As elkenien binnen is kin de einútslach opmakke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)