Finer earste aai fynt wer aai

10 mrt 2009 - 17:47
  • Beukens mei syn earste en syn twadde earste ljipaai

Dochs noch in opstekker foar Tsjeard Beukens fan Skearnegoutum. Snein fûn de boer op syn eigen lân it earste ljipaai fan Fryslân, mar omdat er him net oan de 'spulregels' hâlden hie, waard it net erkend.

Tiisdeitemiddei fûn er op itselde stik lân wer in aai. Dizze kear hat er it earst oanmeld, sadat er no yn elts gefal wol it earste aai fan Wymbritseradiel fûn hat. Tiisdeitejûn nimt boargemaster Jacob Reitsma it yn ûntfangst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)