Finânsjes Boarnsterhim better

18 apr 2011 - 13:36
  • Wethâlder Felix van Beek (foto: Omrop Fryslân)

De gemeente Boarnsterhim hat de boekhâlding wer wat better op oarder. Foar it earst yn fiif jier tiid hat de akkountant in ferklearring fan rjochtmjittigens ôfjûn. Dat betsjut dat ynterne prosedueres goed folge wurde en oanbestegings neffens de regels gean.

Ferantwurdlik wethâlder Felix van Beek is bliid mei it goede nijs. Mar it betsjut net dat der gjin finansjele liken mear út de kast komme kinne, seit Van Beek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)