Finansjele strop Wûnseradiel

19 aug 2006 - 13:51

Foar de gemeente Wûnseradiel driget in finansjele strop no't se in groep fan inkelde tsientallen minderjierrige asylsikers in útkearing jaan moatte. De sosjale tsjinst fan Súdwest-Fryslân hie dat earst wegere.

Neffens boargemaster Piersma fan Wûnseradiel hat de gemeente gjin jild foar de útkearings. Piersma wol de minister fan Sosjale Saken freegje om ekstra jild foar bysûndere bystân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)