Finansjele strop foar Fuelpower evenemint troch wiete waar

06 sep 2015 - 11:52
  • Fuelpower
  • Fuelpower yn Tsjom is de dupe fan it minne waar

Snein op de tredde dei fan it Fuelpower event yn Tsjom wurdt in grut diel fan de aktiviteiten skrast om it minne waar. It fjild oan de Wommelserwei is fierstente wiet om de motorcross trochgean te litten. Wol sil noch mei brommers riden wurde. Op de oldtimermeeting, dy't op it program stiet, komt mar in beheind tal auto's, yn ferbân mei it wiete terrein.

Foar de organisaasje betsjut it minne waar in finansjele strop fan 10.000 oant 20.000 euro. Ferline jier kamen goed 5.000 minsken nei Tsjom, no wienen der sa'n 50 beteljende besikers.

De organisaasje hopet dat sponsors ree binne om te dielen yn de ûnkosten. Doel is wol dat der takom jier wer gewoan in Fuelpower evenemint komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)