Finansjele problemen driigje foar rugbyklup Greate Pier

15 des 2014 - 12:06
  • Rugby

In finansjele strop fan sa'n 6000 euro driget foar de Ljouwerter rugbyklup Greate Pier. It Nederlânsk rugbybûn sit yn swier waar en de leden moatte dêr foar boetsje. Folwoeksen rugby'ers moatte nammentlik 80 euro betelje oan it bûn en jeugdspilers 40 euro om de holle boppe wetter te hâlden.

By Greate Pier binne der leden dy't dit jild net oan it bûn betelje kinne, wêrtroch't de klup it bedrach betelje moat. Dat soe liede ta grutte finansjele problemen by de Ljouwerter rugbyklup. Woansdei is der in petear mei alle noardlike rugbyklups.

By de rugbyklup yn Drachten soe de finansjele skea noch heger wêze kinne, omdat dy klup mear leden hat as Greate Pier. De rugbyklup op It Hearrenfean wol net foarútrinne op de saken en wachtet de gearkomste ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)