Finansjele kuier yn Ljouwert

12 apr 2012 - 21:34

Toeristen kinne tenei in nije kuier troch Ljouwert meitsje. Tongersdei waard de nije stedskuier offisjeel presintearre. De kuier is spesjaal ûntwikkele foar it 200-jierrich bestean fan de fersekerder Achmea. De rûte rint by markante plakken del dy't wat te krijen hawwe mei de finansjele skiednis yn Ljouwert.

Sa siet der eartiids yn it pân fan boekhannel Van der Velde in begraffenisfûns. En it gebou fan Café de Walrus waard eartiids brûkt wikselkantoar Sprock en Co.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)