Finansjele help dragraces

11 feb 2008 - 22:28
  • Drachten krijt wer dragraces

Troch in flinke finansjele tafaller kinne der dizze simmer al wer dragraces hâlden wurde op de airstrip fan Drachten.

De organisaasje krijt 35.000 euro fan in nije sponsor en in oare sponsor lient de club 120.000 euro sûnder der rente foar te freegjen. Hjirmei is it wer mooglik wurden om de baan te ûnderhâlden. Boppedat hat de airstrip ek nochris 100 meter ekstra race- oerflakte krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)