Finalisten op PC bekend

30 jul 2014 - 16:52
  • PC

De finalisten fan de PC yn Frjentsjer binne bekend. De finale giet tusken it partoer fan Jelte-Pieter Dijkstra, Hendrik Jan van der Velde en Sjoerd de Jong en it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Jacob Wassenaar en Daniël Iseger.

Jacob Wassenaar hat Taeke Triemstra ferfongen dy't fanwegen in skouderblessuere ophâlde moast. Hy naam syn maten mei op sleeptou en sa fersloech dit trio Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra yn de heale finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)