Finalisten Liet-Lavlut bekend

29 jun 2008 - 14:52
  • Jelte Posthumus, de winner fan Liet
  • Gwennyn sjongt yn it Bretonsk

De organisaasje fan sjongfestival Liet Ynternasjonaal hat de alve finalisten bekend makke foar de fyfde edysje op 18 oktober 2008. It sjongfestival sil fan ´t hjerst hâlden wurde yn de Noard-Sweedske stêd Lulea ûnder de namme Liet-Lavlut.

Jelte_Posthumus en Pilatus_Pas, de winners fan Liet, meie it yn Lulea opnimme tsjin bands, sjongers en sjongeressen út ûnder oare Asturië, Bretanje, Corsica, Galisië, Sápmi (= Laplân), Wales en de Oeral yn Ruslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)