Finalisten Freule bekend

06 aug 2003 - 00:00

De finale fan de Freule yn Wommels giet tusken de partoeren fan Wytmarsum en Stiens.

Favoryt Wytmarsum wie yn de heale finale fiersten te sterk foar it ferrassende Skettens: 5-1, 6-2. Yn de oare heale finale naam Stiens opfallend fluch ôfstân fan Wommels, in partoer dêr't neat by like te slagjen. Al gau stie der 5-0 op de tillegraaf. Wommels kaam noch even werom, mar Stiens helle de finale op 5-2, 6-4.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)