Finalisten foar Sjongfestival

27 mrt 2014 - 21:11
  • De winners fan in eardere edysje fan Sjong

Nei trije foarrondes binne tongersdei de njoggen finalisten foar it njoggende Sjongfestival foar Bern bekend wurden. De finale wurdt op freed 11 april hâlden yn de Lawei yn Drachten. It Sjongfestival is in inisjatyf fan Cedin Taalsintrum Frysk en Omrop Fryslân.

Neist de seis skoallen dy't rjochtstreeks troch wienen nei de finale, binne tongersdei ek noch trije wildcards ferdield oan skoallen dy't neffens de sjuery ek sa goed wienen dat sy in plak yn de finale fertsjinje.

De finalisten binne:
De Twine – Drylts ‘De Tiid’
De Wyngert – Drachtsterkompenije ‘Boargemaster Ikke’
Alphaskoalle – Ryptsjerk 'Planet Earth’
De Balsemyn – Eastermar ‘It Spook fan de Technyk’
It Klimmerblêd – Sint Nyk ‘It Spook fan de Technyk’
De Beuk – Sint Nyk ‘Pake’
SWS Froubuurt – Froubuorren ‘Alles oars foar Dominik’
By de Boarne – Boarnburgum ‘Dyn hier’
Eben Haëzer – Dokkum ‘Dûnsjen bliuwe’

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)