Finalisten FK Pelote bekend

29 jun 2004 - 10:14

Op 'e sande dei fan it Frysk kampioenskip Jeu de Pelote (Belgysk keatsen) op it plein fan Easterlittens hat Winsum mei 8-4 wûn fan Ljouwert yn 'e striid om 'e preemje of neat. De heale finale tusken Easterlittens en Frjentsjer ferrûn tige spannend. Mar lang om let wûn Easterlittens mei 8-7.

Tiisdei om healwei achten wurdt de finale spile tusken twa doarpen út Littenseradiel; Winsum mei it dan opnimme tsjin Easterlittens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)