Finalisten FK fierljeppen yn Winsum bekend

08 aug 2015 - 16:03
  • Bart Helmholt op FK yn Winsum

De finalisten by it FK fierljeppen yn Winsum binne bekend. Oane Galama hat de bêste papieren foar de Fryske titel. Yn de foarrondes sette er de bêste ôfstân op it boerd: 19,88 meter. Bart Helmholt pleatste him mei 19,48 meter. Ek Nard Brandsma (19,47) Thewis Hobma (18,78) en Hannes Scherjon (18,64) steane yn de finale.

By de froulju giet Klaske Nauta oan de lieding mei 15,26 meter. De oare finalisten binne titelferdigenster Marrit van der Wal (15,10) en Hiske Galama (13,70).

By de junioaren makke Sytse Bokma grutte yndruk mei it nije skânsrekôr fan 19,91 meter. Yn de finale nimt er it op tsjin Jan Teade Nauta (19,44) en Freark Kramer (18,26).

By de jonges giet de striid tusken Jarich Wijnstra, Jos Bethlehem en Gerard Hooisma. Foar it earst wurdt ek by de famkes om de Fryske titel ljept. Der giet de finale tusken Maureen Poeisz, Sigrid Bokma en Lisanne Haitsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)